Luisterboek downloaden - De Fûke van Rink van der Velde

Luisterrijk - De downloadshop voor luisterboeken Luisterrijk - De downloadshop voor luisterboeken

Categorieën

Specials

Snel zoeken

Over Luisterrijk

Contact

Veilig kopen

Luisterboek

De Fûke

Guon boeken hearre ta de kearn fan de literatuer. De Fûke fan Rink van der Velde (1932-2001) is sa’n boek. Friestalig
 
Spreker(s):
Sjoerd van Beem

Uitgever:

Oorspronkelijke uitgever:
Friese Pers Boekerij

Jaar van uitgave:
2010

ISBN:
9789461498809

ISBN cd-versie:
9789460380440

Speelduur:
2 uur 45 min

Bestandsgrootte:
220 MB

Formaat:
mp3 download

Adviesprijs:
€ 13,49

Luisterrijk download-prijs:
€ 11,00
 
Beschrijving
It ferhaal oer de ynbannige fiskerman dy’t troch de Dútsers oppakt wurdt en ûnder it ferhoar hieltyd fierder yn de ‘fûke’ bedarret, boeit de lêzers no al hast fjirtich jier. Mei rjocht en reden! It boek lei Rink van der Velde tige nei oan it hert. De roman ferskynde yn it Nederlânsk, Ingelsk en Oekraynsk.

Yn 1999 kaam de film út, mei Rense Westra yn de haadrol en Steven de Jong as regisseur.

Over de auteur
Rink van der Velde (1932–2001) was in de tweede helft van de 20e eeuw de meest gelezen Friese schrijver. Daarnaast werkte hij lange tijd als journalist, onder andere bij de Leeuwarder Courant.

Van der Velde volgde de ulo in Drachten en werkte vervolgens een tijdje als boerenarbeider in Frankrijk. Vanaf 1953 vervulde hij zijn militaire dienst bij de Koninklijke Marine. Daarna werd hij journalist, eerst bij de Nieuwe Dockumer Courant in Dokkum, toen bij de Drachtster Courant - de Friese editie van het socialistische dagblad Het Vrije Volk - en tenslotte bij de Friese Koerier. Na een fusie in 1992 kwam hij bij de Leeuwarder Courant terecht, waar hij tot zijn pensioen zou blijven werken.

Van der Velde debuteerde in 1959 als Fries schrijver met een feuilleton in het tijdschrift Frysk & Frij. In 1960 volgde zijn Nederlandstalige debuut met de roman De kleine kolonie. Daarna zouden nog 25 romans volgen, maar nu allemaal oorspronkelijk in het Fries geschreven. Een aantal ervan werden vertaald in het Nederlands, het Engels en het Russisch. Van der Velde had een voorkeur voor vrijgevochten types. Ook de Tweede Wereldoorlog speelt in zijn werk een belangrijke rol.

Als literair het meest gewaardeerd geldt de novelle De fûke (De fuik), waarin Van der Velde het drama van de arrestatie van de geheim agent Lodewijk van Hamel bij het Tjeukemeer verwerkte. De verfilming door Steven de Jong draagt dezelfde titel als het boek: De Fûke. Het meest gelezen boek uit zijn oeuvre is waarschijnlijk Feroaring fan lucht, waarvan in 2004 de 14de druk verscheen.

Zijn roman De houn sil om jim bylje, over de voeger en klompenmaker IJe Wijkstra die in 1929 vier veldwachters doodschoot, werd in 1980 door Pieter Verhoeff verfilmd onder de titel Het teken van het beest. In datzelfde jaar verscheen ook de Nederlandse vertaling van de roman, onder dezelfde titel.

Rink van der Velde (1932-2001) wie in bekende Fryske skriuwer en sjoernalist. Fan syn mear as fjirtich boeken en ferhalebondels binne meiïnoar mear as 200.000 eksimplaren ferkocht.

Van der Velde gie yn Drachten nei de ulo. Nei syn skoalletiid hâlde hy in skoftke ta yn Frankryk dêr't er de kost fertsjinne as boere-arbeider. Yn 1953 moast er by de Marine opkomme foar syn nûmer. Nei syn tsjinsttiid waard Van der Velde sjoernalist: earst by de Dokkumer, letter by de Drachtster Krante. Fia fúzjes belâne Van der Velde uteinlik bij de Ljouwerter Krante dêr't hy oan syn pensioen ta wurkje soe.

Syn skriuwstyl hat Van der Velde fan de sjoernalistyk út ûntwikkele. Foar de krante spesjalisearre hy him yn it beskriuwen fan histoaryske foarfallen en opfallende persoanen, wêrby't Van der Velde in foarkar hie foar frijfochten types, dy't letter gauris as haadpersoanen werom te finen binne yn syn romans en ferhalen. Ek de Twadde Wrâldkriich is in tema dat faak yn syn boeken werom komt.

Van der Velde makke yn 1959 syn debút as Frysk skriuwer yn it tydskrift Frysk & Frij. Syn earste, Nederlânsktalige roman mei de titel De kleine kolonie (De lytse koloanje) ferskynde yn 1960. Twa jier letter ferskynde de earste fan de 25 Fryske romans dy't Van der Velde neilitte soe: Joun healwei tolven.

Van der Velde wenne ûnder oaren op de Gordyk, yn Drachten, De Wylgen en Ljouwert mar hie syn ûntwyk op in arkje yn ien fan de petgatten fan De Feanhoop.

Rink van der Velde is op 17 febrewaris 2001 ferstoarn. Nei syn ferstjerren is troch syn útjouwer de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân de Rink van der Veldepriis ynsteld.

Recensies
‘De wrakseling fan de fiskerman om in kromke frijheid ropt yn ’e fierte by jin de gedachte op oan The old man and the sea fan Ernest Hemingway. Mar dan sûnder in spoar fan de patetyk, dy’t Hemingway by alle soberens sa eigen wie. Van der Velde syn fiskerman is in ynbannige Fries, in held sûnder hoop en gloarje.’ (Sjoerd Leiker yn Het Vrije Volk)

‘Der is nei alle gedachten gjin boek dat better de Twadde Wrâldkriich opropt as De fûke. It is noris gjin heldeferhaal, mar it ferhaal fan in man dy’t alles yn syn libben ferlern hat.’ Jan Willem van de Wetering oer The trap, de Amerikaanske oersetting)
Liefhebbers van dit luisterboek bestelden ook:
€ 13,99
Yn dit boek mei nije iisferhalen wurdt de lêzer meisleept op in spannende winterreis. Ûnder him heart er it skrassen fan de redens en it kreakjen fan it iis. Der glydt in hiele ieu oan him foarby. Friestalig
€ 17,95
Criminele organisaties azen op een militaire uitvinding. Eén van die organisaties wordt geleid door de geheimzinnige en ongrijpbare Z 4. Wie is hij? De hulp van Paul Vlaanderen wordt ingeroepen. Hoorspel
€ 15,95
Een adembenemend spannende en provocerende thriller over seks en liefde, en over drang naar vrijheid - maar ook over de allesoverheersende angst daarvoor.
€ 15,95
Verhalen, herinneringen, sprookjes en columns die Bomans voor bladen als de Volkskrant en Elsevier schreef en die Bomans met zijn welbespraaktheid en grote gevoel voor humor voor publiek en de AVRO-radio voorlas.
€ 14,00
Sietse de Vries skriuwt misdiedferhalen dy't jo net mear dellizze as jo ienris begûn binne te lêzen. 'Kûgels foar Kant' is spannend en hâldt tagelyk de maatskippij oan it begjin fan de 21ste ieu kritysk tsjin it ljocht. Friestalig
€ 12,99
De aventueren fan Durk Snoad en syn singeliere húshâlding, it bêst ferkochte boek út de Fryske literatuer. Friestalig.
€ 13,00
Koarte ferhalen dy't yn it waadgebiet spylje. Durk van der Ploeg jout in sfearfolle ympresje fan it lânskip en fan de faak wat iensume personaazjes dy't syn ferhalen befolkje. Friestalig
€ 12,00
Yn dizze bondel steane 22 hiel ferskillende ferhalen. Hy skriuwt koele observaasjes, mystearjes, humoristysk-realistyske stoarjes en ferrifeljende ferhalen. Friestalig.
 
Alle prijzen zijn inclusief BTW