Luisterboek downloaden - De mjitte van Koos Tiemersma

Luisterrijk - De downloadshop voor luisterboeken Luisterrijk - De downloadshop voor luisterboeken - Home Thuiswinkel Waarborg Certificaat Luisterrijk - De downloadshop voor luisterboeken - Home

Actueel

Categorieën

Specials

Leeftijden

Talen

Prijs

Snel zoeken

In de spotlight

Service

Over Luisterrijk

Contact

Veilig afrekenen

Luisterboek

De mjitte

Mette kriget op har fjirtichste oanstriid om yn har fammensjierren te dûken. Al gau sit se wer midden yn it ferline... Friestalig.
 
Spreker(s):

Uitgeverij:

Audiouitgave:

Publicatiedatum:
10-10-2008

ISBN:
9789461494184

Speelduur:
10 uur 31 min

Bestandsgrootte:
615 MB

Formaat:
mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app

Luisterrijk download-prijs:
€ 10,00
 
Beschrijving
Mette krijt mei har fjirtichste oanstriid om yn har fammensjierren te dûken. Al gau sit se wer midden yn it ferline: yn de kleurrike folksbuert fan in Frysk stedsje, mei in alkohoalyske heit, in dweperige mem en Boyen, in wat jongere healbroer mei in fierstente rike fantasy. De fassinaasje fan Mette foar Boyen sloech om yn ôfgeunst en by einsluten in ferwidering tusken beide. Mar nei al dy jierren wol Mette op 'e nij kontakt mei Boyen en sjocht se foar it earst ek kritysk nei har eigen hâlden en dragen. Of hat se in oare bedoeling?

Ien ding is wis: yn dizze roman binne de dingen net altyd wat se op it earste gesicht lykje te wêzen. Dit is in roman mei djipgong en tagelyk mei in humoristyske knypeach. In boek om net te missen!

Over de auteur
Koos Tiemersma (1952) waard berne te Frjentsjer. Nei in oplieding ta skoalmaster kaam er te wenjen yn Kollumersweach, wêr’t er sûnt 1975 wurket yn it basisûnderwiis.

Hy hat him in soad dwaande holden mei muzyk. Mei de lieten dy’t er skreau fersoarge er fral solo-optredens op it Tsjochfestival te Drachten. Yn 1992 rjochte er mei Foppe Jacobi en Bauke van der Heide de groep SKIFT op. Nei prizen op Liet ’92 (twadde priis mei it liet Frjemd Folk) en op it Noord Nederlands Liedjes Festival (earste priis mei in ferskaat oan lieten) waarde der yn de Sing-Sing studio te Mitselwier de cd Nije Hoed opnommen en sette de groep útein mei in toernee ûnder de titel Boer-de-Chant, in rige súksesfolle optredens op boerepleatsen yn Fryslân, Grins en Oerisel. Yn 1999 foel it doek foar de groep SKIFT, de groepsleden sochten eigen wegen. Bauke van der Heide waard muzyklearaar, wylst Foppe Jacobi û.o. furoare makke yn de ferneamde groep Flairck.

Koos Tiemersma besleat him ta te lizzen op it skriuwen. Om de mooglikheden te ferkennen, skreau er in ferhaal dat er yn 1999 opstjoerde foar de Rely Jorritsmapriis. Nei in bemoedigjende reaksje fan de sjuery skreau er yn 2000 it ferhaal Job – in alter. Dit ferhaal waard bekroane mei de earste priis en dêrmei wie tagelyk de basis foar syn earste roman De Ljedder lein. It earste eksimplaar waard yn maaie 2002 yn it Lânboumuseum te Feankleaster oanbean oan Roel Slofstra. De reaksjes op De ljedder wiene oer ‘t generaal tige posityf. Neist goede resinsjes waard it boek yn 2004 bekroane mei de earste Rink van der Veldepriis. Yn juny fan datselde jier ferskynde De mjitte, syn twadde roman.

Koos Tiemersma (1952) werd geboren in Franeker. Sinds zijn opleiding tot onderwijzer woont en werkt hij in Kollumerzwaag.

In 1992 was hij de oprichter van de groep SKIFT, een trio dat verder bestond uit Foppe Jacobi (bayan) en Bauke van der Heide (gitaar). Na een tweede prijs op het Friese liedjesfestival Liet te Leeuwarden en de eerste prijs op het Noord-Nederlands Liedjesfestival werd in de Sing-Sing studio de cd Nije Hoed opgenomen. Ook maakte de groep naam tijdens een uitgebreide tournee met boerderij-optredens in en buiten Friesland onder de naam Boer-de-Chant.

Nadat in 1999 het doek voor de groep viel, maakte Foppe Jacobi o.a. furore in de groep Flairck, terwijl Bauke van der Heide zich vestigde als muziekleraar.

Koos Tiemersma besloot zich toe te leggen op het schrijven. Om de mogelijkheden te verkennen stuurde hij in 1999 een verhaal in voor de Rely Jorritsmaprijs. Na een bemoedigende reactie van de jury schreef hij het verhaal Job – in alter, oftewel Job – een altaar. Dit verhaal werd in 2000 bekroond met de eerste prijs en vormde tevens de basis voor zijn succesvolle debuutroman De ljedder. Het eerste exemplaar werd mei 2002 aangeboden aan de Friese troubadour Roel Slofstra in het Landbouwmuseum te Veenklooster. De reacties op het boek waren overwegend erg positief. In 2004 werd het boek bekroond met de Rink van der Veldeprijs.

In 2004 verscheen een tweede roman (De mjitte), waarna in 2006 It liet fan de ibis en in 2007 het Friese boekenweekgeschenk Mind Games volgden.

De publicatie van Mind Games ging vergezeld van een mini-cd met Ernst Langhout en Johan Keus, waarop een viertal liedjes van Lennon en McCartney in een Friese vertaling van de schrijver. Vergezeld van Langhout en Keus treedt Koos Tiemersma regelmatig op met Persilwyt & Tovaread, een literair-muzikaal programma met fragmenten uit zijn werk en een keur aan liedjes uit de zestiger jaren, waaronder genoemde Beatles-liedjes.

Oer De mjitte
'Tiemersma syn earste boek is oer it algemien tige posityf ûntfongen. Hy wûn dêrmei ek noch de Rink van der Velde-priis. It koe dus net op. Nei sa’n himmelhochjauchzend wolkom is de toansetting fan de resinsinten by it twadde boek faak wat suniger. De ferrassing is derôf, men wit wat men – miskien – ferwachtsje kin en it is de fraach oft de skriuwer dy ‘belofte’ wiermeitsje sil. Is dat Koos Tiemersma slagge?
Sels rôp ik destiids ek wakker jûchhei. Neffens de flaptekst fan De ljedder is dat boek skreaun ‘yn in folslein eigen styl, fol poëtyske bylden, djipsinnich en humoristysk tagelyk’.
Dêrmei wie gjin wurd tefolle sein, fûn ik doe. En noch. En wer.' (Sjoerd Bottema yn De Moanne fan maart 2005.)

‘De mjitte’ is gewoan in prima roman. (Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant)
Liefhebbers van dit luisterboek bestelden ook:
€ 12,00
Ferset fan in heit tsjin de feroarings yn de tsjerke en de maatskippij en ferset fan in soan tsjin syn heit; it leveret in yndrukwekkende roman op. Friestalig
€ 31,94
Een belangrijke roman uit onze letterkunde komt tot leven in dit meeslepende hoorspel. Marc Lohmann’s bewerking werd door de recensenten bejubeld.
€ 11,95
Auteur Hylke Speerstra leest in het Fries een selectie van verhalen voor uit zijn boek 'De oerpolder'. Tsien ferhalen, foarlezen troch Hylke Speerstra. Friestalig.
€ 23,94
Dit hoorspel/cultboek als een hilarische geluids-odyssee door het heelal. Niet alleen voor science fiction liefhebbers. Een spetterend avontuur met veel effecten, een film op het trommelvlies.
€ 23,95
Geert Mak volgt het spoor van de legendarische schrijver John Steinbeck, die in het najaar van 1960 met zijn poedel Charley een ontdekkingsreis maakte dwars door het toenmalige Amerika.
€ 19,94
Het levensverhaal van een kleine reder die betrokken raakt bij het psalmenoproer, een opstand van 'verpauperde luyden' tegen 'voorname meesters'.
€ 19,95
WINNAAR LUISTERBOEK AWARD 2013 Wanneer Zonne, een beroemde theaterpersoonlijkheid, een rechtszaak aanspant om een jong meisje uit handen van een verkrachter te houden, dreigen de geheimen uit haar eigen verleden openbaar te worden.
€ 19,95
'Mystiek lichaam' geldt als een hoogtepunt in de naoorlogse literatuur en schittert door zijn spitse, ironische stijl. Een pittige mix van komedie, satire en maatschappijkritiek. Incl. begeleidende tekst (in pdf) met achtergronden.

Bestsellers

  1. luistervoorbeeld
    1
  2. luistervoorbeeld
    2
  3. luistervoorbeeld
    3
  4. luistervoorbeeld
    4
  5. luistervoorbeeld
    5
  6. luistervoorbeeld
    6
  7. luistervoorbeeld
    7
  8. luistervoorbeeld
    8
  9. luistervoorbeeld
    9
  10. luistervoorbeeld
    10

Twitter



Veilig kopen

Cadeaukaarten

  • Luisterrijk accepteert de Boekenbon. Luisterrijk accepteert de Nationale EntertainmentCard. Luisterrijk accepteert de VVV Giftcard. Luisterrijk accepteert de Webshop Giftcard. Luisterrijk accepteert de YourGift Giftcard.
  •  
    Alle prijzen zijn inclusief 21% BTW