Luisterboek downloaden - Nei it Park van Hylkje Goïnga

Luisterrijk - De downloadshop voor luisterboeken Luisterrijk - De downloadshop voor luisterboeken

Categorieën

Specials

Snel zoeken

Over Luisterrijk

Contact

Veilig kopen

Luisterboek

Nei it Park

Op tige humoristyske, mar tagelyk oangripende wize beskriuwt Hylkje Goïnga de striid fan de deminte Martha om út it hûs foar âldere minsken te bliuwen. Friestalig
 
Spreker(s):
Jenny Boomsma-Eppinga

Uitgever:

Oorspronkelijke uitgever:
Friese Pers Boekerij

Jaar van uitgave:
2009

ISBN:
9789461497826

ISBN cd-versie:
9789460380419

Speelduur:
1 uur 19 min

Bestandsgrootte:
86 MB

Formaat:
mp3 download

Adviesprijs:
€ 10,00

Luisterrijk download-prijs:
€ 8,00
 
Beschrijving
Yn de novelle Nei it park stiet de 78 jier âlde en deminte 'Martha' sintraal. Op tige humoristyske, mar tagelyk oangripende wize beskriuwt Hylkje Goïnga de striid fan Martha om út it hûs foar âldere minsken te bliuwen en it krewearjen fan de dochters Janna en Geeske om har dêr no krekt wol yn te krijen.

'Ik rûn tusken myn beide dochters yn troch in brede gong. In mefrou mei reade wangen joech my twa hannen tagelyk en kloppe my op 'e rêch. Ik fersjitte my der fan. Wy gongen yn de lift mei syn allen. Doe't wy der wer útstapten, stienen wy wer yn in gong. Allegearre blommen en planten en wandkleden om my hinne. Janna rûn mei de mefrou foarop, Geeske en ik der achteroan. De mefrou die in doar iepen mei in kaai, sei: 'Ik gean mar even foar as jimme it goed fine,' en wy gongen der achteroan. 'Wa wennet hjir?' frege ik oan Geeske. Janna flústere tsjin Geeske dat wy no even goed trochpakke moasten en sei: 'Hjir komt mem te wenjen.'

Nei it sukses fan de ferhalebondels Thús is de maggi op, In superman fersûpt net, Twa dames yn in Daf, Hynstefigen en de koarte roman Frijende kikkerts, sil ek dizze treflike novelle fan Hylkje Goïnga de wei nei de lêzers wol fine.

Over de auteur
Hylkje Goïnga (1930-2001) was een Nederlandse schrijfster, die voornamelijk in het Fries publiceerde. Ze is vooral bekend geworden met haar korte verhalen.

Ynformaasje oer Hylkje Goïnga by Tresoar
Liefhebbers van dit luisterboek bestelden ook:
€ 19,00
Ferset fan in heit tsjin de feroarings yn de tsjerke en de maatskippij en ferset fan in soan tsjin syn heit; it leveret in yndrukwekkende roman op. Friestalig
€ 15,00
De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene ferneamd. It wiene manlju en froulju dy't yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byelkoar rieden. Friestalig.
€ 15,00
Mette kriget op har fjirtichste oanstriid om yn har fammensjierren te dûken. Al gau sit se wer midden yn it ferline... Friestalig.
€ 13,99
Yn dit boek mei nije iisferhalen wurdt de lêzer meisleept op in spannende winterreis. Ûnder him heart er it skrassen fan de redens en it kreakjen fan it iis. Der glydt in hiele ieu oan him foarby. Friestalig
€ 14,00
'Yn in foarich libben haw ik in grut seeman west,' sei omke. Neffens muoike wie dat lichtsinnich praat. En doe't wy omke mei de kloet dwaande seagen... Friestalig
€ 12,99
Boppe wetter kommen brieven fan har mem binne foar Auck Peanstra oanlieding om de oantinkens oan it plak fan har jeugd op te skriuwen. Friestalig.
€ 12,99
De aventueren fan Durk Snoad en syn singeliere húshâlding, it bêst ferkochte boek út de Fryske literatuer. Friestalig.
€ 12,00
Yn dizze bondel steane 22 hiel ferskillende ferhalen. Hy skriuwt koele observaasjes, mystearjes, humoristysk-realistyske stoarjes en ferrifeljende ferhalen. Friestalig.
 
Alle prijzen zijn inclusief BTW