Luisterrijk - de download shop voor luisterboeken - MP3-luisterboek goedkoop downloaden

Luisterrijk - De downloadshop voor luisterboeken Luisterrijk - De downloadshop voor luisterboeken

Actueel

Categorieën

Specials

Leeftijden

Talen

Prijs

Snel zoeken

In de spotlight

Service

Over Luisterrijk

Contact

Veilig afrekenen

Oer Luisterrijk (Frysk)
Oer Luisterrijk (in Frysk) Luisterrijk - downloadshop foar harkboeken
Luisterrijk is de grutste ûnôfhinklike mp3-downloadshop foar harkboeken yn Nederlân en Flaanderen.

Harkboeken binne ideaal foar de drokbesette konsumint. Hieltyd mear minsken ûntdekke it gemak fan it harkjen nei boeken, bygelyks ûnderweis of ûnder it sporten. It oantal útjouwerijen dat sprutsen boeken produsearret, nimt rap ta.

Harkboeken downloade
Luisterrijk set de folgjende stap. De webshop biedt konsuminten de kâns om hûnderten harkboeken del te laden fia ynternet. Wêrom dreech as it maklik kin, want de boeken binne direkt yn 'e hûs. Om se ûnderweis ôf te harkjen kin it boek hiel ienfâldich op in mp3-spiler, mobile telefoan of cd setten wurde. Ek sprutsen boeken, dêr't de cd al lang útferkocht is, nimt Luisterrijk as mp3-download op yn it assortimint.

Oeral lústerje
In bekend probleem foar de gemiddelde boeklêzer: jo wolle in boek graach lêze, mar de tiid ûntbrekt jo deagewoan. Al gau leit der in hiele steapel boeken op it nachtkastke dy't 'noch moatte'. Ek kin net elkenien de doar út om in kursus te folgjen.

De oplossing hjirfoar is it harkboek. In harkboek kin op 'ferlerne' mominten ôfharke wurde, lykas ûnder it autoriden, itensieden, hurdrinnen, striken, kuierjen, fytsen, reizgjen, ensafuorthinne. Lange tiid ha lannen as de Feriene Steaten en Dútslân foarop rûn mei it lústerboek, mar no slacht it fenomeen ek yn Nederlân en Fryslân oan.

Luisterrijk biedt yn Nederlân en Flaanderen in sa breed mooglik skala oan harkboeken oan. De webshop ferkeapet mp3-downloads yn de folgjende kategoryen:

  • Audiotours

  • Kursussen en frije tiid

  • Lichem en geast

  • Harkkolleezjes

  • Harkspullen en toanielstikken

  • Jeugd- en berneboeken

  • Non-fiksje

  • Poëzy

  • Romans en literatuer

  • Spannende boeken


  • Neist de downloadshop, dy't hieltyd mear titels omfettet, fersoarget Luisterrijk in eigen nijsbrief en in podcast mei ynterviews en harkfoarbylden fan alle nije titels.

    Harkboeken yn Frysk

    Bysûndere doelgroepen
    It harkboek is foar in brede groep ynteressant. Dochs binne der inkele bysûndere doelgroepen, dy't by útstek baat hawwe by it harkboek. Minsken mei dysleksje bygelyks. Of blinen en minsken dy't fisueel beheind binne. Trouwens, mei de doelgroep blinen en minsken dy't fisueel beheind binne, is rekken holden by it ynrjochtsjen fan de site. Ek foar dizze groep minsken is de site hiel ienfâldich tagonklik.

    Luisterrijk fiert in ferantwurd konsumintebelied en is ûnder mear lid fan Thuiswinkel.org, de brancheferiening foar bedriuwen dy't produkten en/of tsjinsten ferkeapje fia ynternet, katalogus of post.

    Luisterrijk is ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel Eemland ûnder nûmer 32116609.
    It merk Luisterrijk en it Luisterrijk-logo binne yn de Benelux beskerme en registrearre ûnder nûmer 0813054 by it Benelux Bureau voor de Intellectuele Eigendom yn De Haach.

    Bestsellers

    1. luistervoorbeeld
      1
    2. luistervoorbeeld
      2
    3. luistervoorbeeld
      3
    4. luistervoorbeeld
      4
    5. luistervoorbeeld
      5
    6. luistervoorbeeld
      6
    7. luistervoorbeeld
      7
    8. luistervoorbeeld
      8
    9. luistervoorbeeld
      9
    10. luistervoorbeeld
      10


    Twitter



    Nieuwsbrief

    Neem een gratis abonnement op de Luisterrijk nieuwsbrief
    Klik hier voor een gratis abonnement op de nieuwsbrief.


    Veilig kopen

     
    Alle prijzen zijn inclusief 21% BTW