Klassikers yn de (Fryske) literatuer

Klassikers yn de (Fryske) literatuer

Live út de Skierstins

Sympoasium ûnder de titel 'Alde Meuk?' mei trije lêzings oer klassikers yn de Fryske literatuer. Friestalig

€ 6,00

Beschrijving

Sympoasium ûnder de titel 'Alde Meuk?' mei trije lêzings oer klassikers yn de Fryske literatuer.

Friduwih Riemersma: Tiids tosk vs ikonoklasme
Oer de rol fan klassikers yn ús kulturele libben.

Gauris ha wy it oer klassikers, ek as wy it nét oer boeken ha. Mar wat makket in klassiker eins in klassiker? Wêrom ha wy klassikers, en binne dy algemien of yndividueel bepaald? Is in kanon wat oars as in rige klassikers? Kinne wy ús eins in wrâld sûnder klassikers foarstelle? En hoe soe dy der dan útsjen? Dy en oare fragen wurde behannele.

Tryntsje van der Steege: Klassikers en de kanon
Oer it foarmjen fan in Fryske proazakanon nei 1945

Eltse literatuer hat syn kanon en syn klassikers, dus ek de Fryske. Mar hoe, wannear en troch wa is soks útmakke? Hoe wurdt in boek ta in klassiker? Wat is dêr de rol fan útjouwer en kritisy yn? Tryntsje van der Steege ûndersiket de skiednis fan nei de Twadde Wrâldoarloch en leit bleat hokker ynstituten en persoanen ús tinken oer de Fryske proazakanon beynfloede ha. Dat giet oan de hân fan in oantal útjefte-rigen fan nei 1945.

Eric Hoekstra: Ranking the Classics
Fjouwer Fryske klassiken hifke

Yn 2013 waard de Frankfurter Buchmesse bestoarme mei de ronkende brosjuere 10 Books from Friesland. Eric Hoekstra lit him samar net foar de boekekroade ride en priuwt de waar earst goed. Sil it yn 'e smaak falle by in ynternasjonaal publyk? Kin de karút goedkard wurde? Jo literêre priuwmaster docht ferslach. En komt mei in goed ûnderboude ranking!

De lêzings binne yn de Skierstins yn Feanwâlden opnommen.

De lêzingerige wie in inisjatyf fan Audiofrysk, dit fjirde jier fuortset troch in wurkgroep fan Tresoar, Try-tekstwerk, de BSF, Bersa tekst en taalburo Popkema.

Ynhâld

1. Tiids tosk vs ikonoklasme (Friduwih Riemersma)
2. Klassikers en de kanon (Tryntsje van der Steege)
3. Ranking the Classics (Eric Hoekstra)

Details

Imprint

Audiofrysk

Uitgever

Audiofrysk

Publicatiedatum

27 juni 2014

ISBN

9789460380969

Taal

Fries

Speelduur

1 uur 27 min

Bestandsgrootte

72 MB

Formaat

mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app

Categorieën

Tags

Over de auteur










Meer auteur Tryntsje van der Steege Bekijk alles

Fries See, see, do wide see

See, see, do wide see

Meindert Schroor, Nanne Kalma

€ 6,00

Meer spreker Tryntsje van der Steege Bekijk alles

Fries See, see, do wide see

See, see, do wide see

Meindert Schroor, Nanne Kalma

€ 6,00