In aap klimt út de beam
In aap klimt út 'e beam is in mei faasje en humor skreaune satire en foarmet in bitend kommentaar op in maatskippij dêr't ûnfrede foar master opslacht en de waan fan de dei regeart. Friestalig.
€ 9,00
Beschrijving
Bobo de aap is ûntsnapt út 'e dieretún om him nei wenjen te setten yn 'e bosk.
Dêr is er sûnder it te wollen tsjûge fan in frijpartijtsje yn de fiver. Hy klimt út syn beam, siket wat klean byelkoar, om ferklaaid as minske de wrâld yn te lûken. Even letter wurdt er opfongen troch de ôfkeurde learaar Norbert Schnabel, dy't him yntrodusearret by in nije, populistise beweging.
Dan giet it rap. Al gau dûkt Bobo op yn populêre praatprogramma's, rjochtet er út 'e snackbar fan Harrie Kroket wei in buertwacht op, komt er yn 'e kunde mei Spûky, de meast ûnsjogge hûn fan it lân, beswykt er foar de ferliedingen fan 'e leafde, om it mei alderhanne dubieuze útspraken úteinlik te skoppen ta listlûker fan de Nije Partij.
In aap klimt út 'e beam is in mei faasje en humor skreaune satire en foarmet in bitend kommentaar op in maatskippij dêr't ûnfrede foar master opslacht en de waan fan de dei regeart.
Details
Imprint
AudiofryskUitgever
Audiofrysk
Publicatiedatum
19 juni 2019
ISBN
9789460381270
Taal
Fries
Speelduur
7 uur 31 min 49 sec
Bestandsgrootte
303 MB
Formaat
mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app
Tags
Over de auteur
Koos Tiemersma (1952) waard bekend troch boeken as De ljedder en Ûnder wetter. De lêste jierren publisearde er ûnder de namme Froon Akker benammen digitaal. Yn 2015 waard syn roman Einum bekroand mei de Gysbert Japicxpriis.
Koos Tiemersma (1952) waard bekend troch boeken as De ljedder en Ûnder wetter. De lêste jierren publisearde er ûnder de namme Froon Akker benammen digitaal. Yn 2015 waard syn roman Einum bekroand mei de Gysbert Japicxpriis.