Liet foar myn jonge

Liet foar myn jonge

Dizze sfearfolle roman smyt de lêzers werom op harren eigen gefoelens fan langst en dreamen en fan mooglikheden ta treast. Friestalig.

Auteur

Riek Landman

Spreker

Hinke Wolthuizen

Speelduur

5 uur 14 min

€ 7,50

Beschrijving

De Fryske boerefamylje Seffinga emigrearret mei de bern yn de sechstiger jierren nei Normandië. Nei de dea fan heit Keimpe bliuwt syn widdo Minke wenjen yn it grutte âlde hûs by har dochter Andrea en dy har húshâlding. Minke har soan Arjen kin net rjocht aardzje yn Frankryk. Hy wurket earst yn Cherbourg en letter wennet er yn earmoedige omstannichheden yn Parys. In inkelde brief is syn iennichste kontakt mei de famylje. Minke begjint him stadichwei tige te missen en de langst nei it eardere doarp yn Fryslân spilet ek hieltyd mear op.
Dizze sfearfolle roman smyt de lêzers werom op harren eigen gefoelens fan langst en dreamen en fan mooglikheden ta treast.

Nei de súksesfolle trilogy De tiid fan Jentsje, De striid fan Marte en De leafdes fan Janne, en it boekewikegeskink Fammen fan Gaasterlân is dit de nije grutte roman fan Riek Landman.

Details

Imprint

Friese Pers Boekerij

Uitgever

Audiofrysk

Publicatiedatum

19 december 2008

ISBN

9789461495037

Taal

Fries

Speelduur

5 uur 14 min

Bestandsgrootte

321 MB

Formaat

mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app

Categorieën

Tags

Over de auteur

Riek Landman (1936) publisearre yn 1988 har earste roman, Fuotprinten yn it sân. It soe de earste wêze fan in suksesfolle rige boeken. Tusken 1988 en 2005 publisearre se sân titels.

Mei de yn 1995 ferskynde roman In sterke frou sloech Riek Landman oare literêre wegen yn. Se publisearre diskear gjin spannend aksjeboek, mar in psychologyske roman oer de ferhâlding tusken mem en dochter.

Yn de romans fan Riek Landman spylje froulju fakentiids in haadrol, dat blykt ek wer út de trijedielige rige oer trije generaasjes froulju, in beppe, in mem en in dochter. It earste diel fan dy rige ferskynde yn 2004 ûnder de titel De tiid fan Jentsje. It twadde diel fan de searje De striid fan Marte ferskynde yn 2005, it tredde en lêste diel, De leafdes fan Janne, yn 2006.