Neeltje Bonnema

Foto Neeltje Bonnema

Neeltsje Bonnema (1949) is berne op Koehoal. Dêr, tichteby de seedyk yn it noardwesten fan Fryslân, is se ek opgroeid. Se hat neidat se de kappersfakskoalle ôfmakke hie inkelde jierren wurke as kapster, mar omdat se in sterke driuw hie nei mear kennis, lange jierren alderhande ferskillende opliedingen en kursussen folge. Ien dêrfan wie in stúdzje Frysk, se hat de Fryske akte helle en dêrnei tweintich jier kursussen Frysk foar de Afûk fersoarge. Bonnema wurket no yn in boekhannel te Frjentsjer.