Durk Gorter

Foto Durk Gorter

Durk Gorter (1952) is Ikerbasque ûndersyksheechlearaar oan de Universiteit fan Baskelân (UPV/EHU), yn Donostia/San Sebastián. Dêr docht er ûndersyk nei meartalich ûnderwiis, Europeeske minderheidstalen en taallânskippen. Earder wie er haad fan de ôfdieling sosjale wittenskippen by de Fryske Akademy en heechleraar Frysk oan de Universiteit fan Amsterdam.

Guon fan syn resinte publikaasjes binne Minority Languages in the Linguistic Landscape (2012) and Minority Languages and Multilingual Education (2014), beide redigearre boeken mei oaren. Hy is ek einredakteur fan Language, Culture and Curriculum en lieder fan DREAM, de Donostia Research Group on Education and Multilingualism.