Meindert Reitsma

Foto Meindert Reitsma

Meindert Reitsma (1994) helle syn vwo-diploma oan it ‘Piter Jelles’ yn Ljouwert. Op ’t heden studearret er Europeeske Talen en Kultueren oan de Ryksuniversiteit Grins, mei Frysk as haadtaal. Hy is bot ynteressearre yn literatuer; hy skriuwt ferhalen, resinsjes en oare stikken en is oan de gong mei in berneboek.

Fierder siet er yn it bestjoer fan de eardere stúdzjeferiening Skanomodu yn Grins en yn de redaksje fan it ferieningsblêd, Skanoskrift. Hy wie belutsen by de oprjochting fan stifting Skanomodu en is no foarsitter fan de stifting en dêrneist redaksjelid fan it ynternettydskrift fan Skanomodu.