Ik bedoel mar

Ik bedoel mar

Sechstjin ferhalen dy't mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel 'Ik bedoel mar!' yn in nutedop. Friestalig.

Auteur

Froon Akker

Spreker

Geartsje de Vries

Speelduur

6 uur 44 min

€ 9,00

Beschrijving

Sechstjin ferhalen dy't mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel 'Ik bedoel mar!' yn in nutedop.

It binne ferhalen dêr't minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy't it bestean yn 't fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy't like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy't, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik achter komt dat neat is wat it liket. Dat lêste giet absolút ek op foar in bekende skriuwer dy’t ûnderweis nei in lêzing yn Bûtenpost kidnapt wurdt.

De ferhalen litte sjen hoe't it bestean bytiden fan tafallichheden oanelkoar hinget, wêrby't it oan de personaazjes yn dit boek is om in oplossing te finen. De toan yn de ferhalen is licht holden, humor en earnst geane hân yn hân, krekt sa't it yn it 'echte' libben ek gean kin.

Portier
1 Lotgenoaten
2 In stjer, in planeet
3 Ik bedoel mar
4 De grap foarby
5 De smaak fan Lize
6 In delikate kwestje
7 Skets fan in tún
8 Blommen foar Alice
9 De nachtrinner
10 A bus with a view
11 It wol net bite hjoed
12 Frou mei parka
13 Bestjurre yn ljocht
14 Passion
15 Leafde foar de fyts
16 Wolkom yn Bûtenpost
Portier

Details

Imprint

Audiofrysk

Uitgever

Audiofrysk

Publicatiedatum

19 juni 2019

ISBN

9789460381294

Taal

Fries

Speelduur

6 uur 44 min

Bestandsgrootte

285 MB

Formaat

mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app

Categorieën

Tags

Over de auteur

Koos Tiemersma (1952) waard bekend troch boeken as De ljedder en Ûnder wetter. De lêste jierren publisearde er ûnder de namme Froon Akker benammen digitaal. Yn 2015 waard syn roman Einum bekroand mei de Gysbert Japicxpriis.

Meer auteur Froon Akker Bekijk alles

Fries Einum

Einum

Froon Akker

€ 10,00

Meer spreker Geartsje de Vries Bekijk alles

Fries Twa novellen

Twa novellen

Aggie van der Meer

€ 9,00

Covidwiksel

Sietse de Vries

€ 9,00 € 4,50

Beppe Xenia

Hein Jaap Hilarides

€ 9,00 € 4,50
Fries Pippi Langkous - Fryske edysje
€ 9,00