Luistervoorbeeld

Kuneara

Auteur Akky van der Veer
Voorlezer Akky van der Veer
Speelduur 1u 54m 34s
€ 6,00

Beschrijving

Wy skriuwe 337.
Hear Heimo fan Rhenen, in regionale kening yn tsjinst fan Rome, wurdt ynset om te fjochtsjen tsjin in Frankyske rôversbinde dy't Keulen belegeret. Dêr moetet er Kuneara, dy't mei alve oare fammen op 'e weromreis fan in pilgrimstocht troch de rôvers oerfallen wurdt. Hear Heimo - troffen troch har skientme - rêdt har as iennige fan de marteldea en nimt har mei nei syn boarch op 'e Heimenberch.

Dat is de situaasje dêr't Akky van der Veer dizze novelle, dy't op in midsieuske leginde basearre is, fan útgiet. De 'kristlike' Kuneara komt yn in 'heidensk' fermidden en kriget dêr te meitsjen mei in keninginne dy't lêst hat fan ynbylde kwalen en mei in hofdame dy't neffens har dochter fan trettjin fierstente ûnderdienich is. Stapke foar stapke komt dizze dochter, de fertelster fan dit ferhaal, der achter dat alles sa syn reden hat.

Details

ImprintIt Fryske Boek/Bornmeer
UitgeverAudiofrysk
Publicatiedatum 4 april 2009
ISBN 9789461496119
Taal Fries
Speelduur 1u 54m 34s
Bestandsgrootte 127 MB
Formaat mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app

Trefwoorden

Over de auteur
Photo Akky van der Veer
Akky van der Veer

Akky van der Veer (1943-2019) waard berne yn Moarmwâld (no Damwâld). Se debutearre yn 1973 mei de roman Read hier en reinwetter. Nei in pear ferhalen foar folwoeksenen, wiene har folgjende publikaasjes de jongereinboeken Mooi waar op 'e Lemmer (1980), Swart op wyt (1985) en Koartsluting (1991). Har histoaryske belangstelling die bliken út de roman Grutte Wurden (1995), dy't him ôfspilet yn 'e tiid fan de Romeinen. It boek ferskynde ek yn it Nederlânsk en Dútsk en krige ferskate prizen.

Toon aanbod