Luistervoorbeeld

De mjitte

Auteur Koos Tiemersma
Voorlezer Tryntsje Finnema en Koos Tiemersma
Speelduur 10u 31m 6s
€ 10,00

Beschrijving

Mette krijt mei har fjirtichste oanstriid om yn har fammensjierren te dûken. Al gau sit se wer midden yn it ferline: yn de kleurrike folksbuert fan in Frysk stedsje, mei in alkohoalyske heit, in dweperige mem en Boyen, in wat jongere healbroer mei in fierstente rike fantasy. De fassinaasje fan Mette foar Boyen sloech om yn ôfgeunst en by einsluten in ferwidering tusken beide. Mar nei al dy jierren wol Mette op 'e nij kontakt mei Boyen en sjocht se foar it earst ek kritysk nei har eigen hâlden en dragen. Of hat se in oare bedoeling?

Ien ding is wis: yn dizze roman binne de dingen net altyd wat se op it earste gesicht lykje te wêzen. Dit is in roman mei djipgong en tagelyk mei in humoristyske knypeach. In boek om net te missen!

Details

Uitgeverij Friese Pers Boekerij
Publicatiedatum 10 oktober 2008
ISBN 9789461494184
Taal Fries
Speelduur 10u 31m 6s
Bestandsgrootte 615 Mb
Formaat mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app

Trefwoorden

Recensies uit de pers

Oer De mjitte
'Tiemersma syn earste boek is oer it algemien tige posityf ûntfongen. Hy wûn dêrmei ek noch de Rink van der Velde-priis. It koe dus net op. Nei sa’n himmelhochjauchzend wolkom is de toansetting fan de resinsinten by it twadde boek faak wat suniger. De ferrassing is derôf, men wit wat men – miskien – ferwachtsje kin en it is de fraach oft de skriuwer dy ‘belofte’ wiermeitsje sil. Is dat Koos Tiemersma slagge?
Sels rôp ik destiids ek wakker jûchhei. Neffens de flaptekst fan De ljedder is dat boek skreaun ‘yn in folslein eigen styl, fol poëtyske bylden, djipsinnich en humoristysk tagelyk’.
Dêrmei wie gjin wurd tefolle sein, fûn ik doe. En noch. En wer.' (Sjoerd Bottema yn De Moanne fan maart 2005.)

‘De mjitte’ is gewoan in prima roman. (Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant)

Over de auteur
Photo Koos Tiemersma
Koos Tiemersma

Koos Tiemersma (1952) waard bekend troch boeken as De ljedder en Ûnder wetter. De lêste jierren publisearde er ûnder de namme Froon Akker benammen digitaal. Yn 2015 waard syn roman Einum bekroand mei de Gysbert Japicxpriis.

Toon aanbod