Nei it Park

Nei it Park

Op tige humoristyske, mar tagelyk oangripende wize beskriuwt Hylkje Goïnga de striid fan de deminte Martha om út it hûs foar âldere minsken te bliuwen. Friestalig

Auteur

Hylkje Goïnga

Spreker

Jenny Boomsma-Eppinga

Speelduur

1 uur 18 min

€ 5,00

Beschrijving

Yn de novelle Nei it park stiet de 78 jier âlde en deminte 'Martha' sintraal. Op tige humoristyske, mar tagelyk oangripende wize beskriuwt Hylkje Goïnga de striid fan Martha om út it hûs foar âldere minsken te bliuwen en it krewearjen fan de dochters Janna en Geeske om har dêr no krekt wol yn te krijen.

'Ik rûn tusken myn beide dochters yn troch in brede gong. In mefrou mei reade wangen joech my twa hannen tagelyk en kloppe my op 'e rêch. Ik fersjitte my der fan. Wy gongen yn de lift mei syn allen. Doe't wy der wer útstapten, stienen wy wer yn in gong. Allegearre blommen en planten en wandkleden om my hinne. Janna rûn mei de mefrou foarop, Geeske en ik der achteroan. De mefrou die in doar iepen mei in kaai, sei: 'Ik gean mar even foar as jimme it goed fine,' en wy gongen der achteroan. 'Wa wennet hjir?' frege ik oan Geeske. Janna flústere tsjin Geeske dat wy no even goed trochpakke moasten en sei: 'Hjir komt mem te wenjen.'

Nei it sukses fan de ferhalebondels Thús is de maggi op, In superman fersûpt net, Twa dames yn in Daf, Hynstefigen en de koarte roman Frijende kikkerts, sil ek dizze treflike novelle fan Hylkje Goïnga de wei nei de lêzers wol fine.

Details

Imprint

Friese Pers Boekerij

Uitgever

Audiofrysk

Publicatiedatum

3 december 2009

ISBN

9789461497826

Taal

Fries

Speelduur

1 uur 18 min

Bestandsgrootte

86 MB

Formaat

mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app

Categorieën

Tags

Over de auteur

Hylkje Goïnga (1930-2001) was een Nederlandse schrijfster, die voornamelijk in het Fries publiceerde. Ze is vooral bekend geworden met haar korte verhalen.