De diggels fan Che

De diggels fan Che

'De diggels fan Che' is it debút fan Greet Andringa. Har sfearfol proaza, fol subtile observaasjes fan minsken en situaasjes sil in soad harkers yn 'e besnijing krije. Friestalig

Auteur

Greet Andringa

Spreker

Greet Andringa

Speelduur

3 uur 28 min

€ 6,75

Beschrijving

Ik wit net mear hoe't syn stimme is. Hy hie ek nea in soad wurden nedich. Dochs wie er dúdlik. Linen, paraboalen, fan alle libben ûntdiene abstraksjes belânen út it boek, fan it boerd, yn ús hollen, op ús proefwurkbledsjes. En dêr hie hy sûnder mis wat mei te krijen. Der kamen earst fiven en seizen doe't wy in oare dosint krigen yn de fjirde.

'Sorry,' seit in frou dy't my mei har koffer yn 'e hoksen rekket. It docht sear. Syn jas is as de pels fan in rôfdier op 'e strún: tûkjes bliuwe der net yn hingjen, hy glidet oeral tuskentroch, sûnder dat it spoaren op him achterlit. Hoe drok it ek is, om him hinne is romte. Nimmen rint by fersin by him op.

Greet Andringa skriuwt bysûndere koarte ferhalen. Se fertelt oer jonge minsken libjend op de grins fan 'e folwoeksenheid. Har haadpersoanen binne op 'e siik nei in eigen plak yn it libben en ûntdekke - soms hast ûnbewust - harren seksualiteit. Guon ferhalen spylje yn de medyske wrâld en binne basearre op de ûnderfinings dy't Greet Andringa yn har wurk opdien hat, as ko-assistint en dokter yn de drugshelpferliening.

Inhoud
De diggels fan Che
Nachtbesite
De earste kear
Ûnbekende soldaat
Narcissus
De filatelist
Ridder Hilbrand
Heity
Brief oan Ale
Út balâns
Skobben
Spul
Op de drompel
Trije hûndert meter

Details

Imprint

Friese Pers Boekerij

Uitgever

Audiofrysk

Publicatiedatum

13 maart 2010

ISBN

9789461498816

Taal

Fries

Speelduur

3 uur 28 min

Bestandsgrootte

153 MB

Formaat

mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app

Categorieën

Tags

Over de auteur

Greet Andringa (1971) debutearre yn juny 1999 yn Trotwaer mei it ferhaal De earste kear. Dêrnei gyng it hurd; njonken Trotwaer publisearre se yn it Frysk Skriuwerskalinder-boek 2003 en yn literêr tydskrift Hjir. Har debút yn boekfoarm wie yn augustus 2003 mei de ferhalebondel De diggels fan Che.

Greet Andringa docht mei oan de ‘Fryske Modernen’, in inisjatyf om nij Frysk skriuwtalint te stimulearjen. Se is dwaande mei it skriuwen fan in familieroman. It leit yn de bedoeling dat de roman yn 2007 ferskine sil.

Yn 2005 makke Greet Andringa diel út fan de sjuery dy’t de Rely Jorritsma-prizen takend. Sûnt 2002 hat se in sit yn de redaksje fan literêr tydskrift Hjir. Greet Andringa (1971) debuteerde in juni 1999 in Trotwaer met een verhaal De earste kear. Daarna ging het snel; naast Trotwaer publiseerde ze in het Frysk Skriuwerskalinder-boek 2003 en in het literaire tijdschrift Hjir. Haar debuut in boekvorm was in augustus 2003 met de verhalenbundel De diggels van Che.

In februari 2008 verscheen Libben reach, het boek over drie generaties van de familie Wiggersma. Rode lijn in het verhaal zijn de ervaringen van Geeske, een jonge vrouw die per ongeluk (of juist niet, dat blijft lang een geheim) haar dochtertje van de trap smijt. Geeske gaat op zelfonderzoek uit en komt terecht bij haar grootouders, twee mensen met een opmerkelijke achtergrond.

Naar aanleiding van de verschijning van Libben reach organiseerde de Friese Pers Boekerij een thema-avond over de mythe van de gelukkige familie. In 2005 maakte Greet Andringa deel uit van de jury van de Rely Jorritsma-prijs. Sinds 2002 is ze redactielid van het literaire tijdschrift Hjir.

Meer auteur Greet Andringa Bekijk alles

Fries Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 2: Dien wurk
€ 5,00
Fries Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 1 - 4

Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 1 - 4

André Looijenga, Greet Andringa

€ 7,50

Meer spreker Greet Andringa Bekijk alles

Fries Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 2: Dien wurk
€ 5,00
Fries Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 1 - 4

Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 1 - 4

André Looijenga, Greet Andringa

€ 7,50