Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 3: Fryske berneliteratuer
Fjouwer lêzings oer de Fryske literatuer
Fryske berneliteratuer. Ûntjouwing en foarútsjoch oan de hân fan de lêste 20 jier. Friestalig
€ 5,00
Beschrijving
Begjin jierren 90 kaam der in hiele groep nije Fryske berne- en jeugdboekeskriuwers nei foaren, en oaren hiene har grutste suksessen. Tink oan Hanneke de Jong, Lida Dykstra, Auck Peanstra, Anny de Jong, Mindert Wijnstra en Eppie Dam. Foarbylden fan resint talint binne Thys Wadman (De oerwinning fan Tido Houtsma) en Ate Grypstra (It beest fan de Westereen). Wat hawwe sûnt 1990 de ûntwikkelingen fan de Fryske berneliteratuer west? Is der in ferskowing yn tema's en binne de maatskiplike feroaringen ek werom te finen by de boeken? Hoe stjoere útjouwerijen it oanbod en hoe kin it dat de jeugdboeken sa sunich fertsjintwurdige binne? Mar boppedat: wat fine bern sels eins fan Fryske berneboeken en hokker tema's hawwe se ferlet fan? Antwurden op dizze fragen sille it paad bleatlizze dat de Fryske berneliteratuer kuierje moatte sil foar de takomst.
Sigrid Kingma docht in masterstúdzje Nederlânsk mei byfakken Frysk, is resinsint en dichteres, en is boppedat dwaande mei it skriuwen fan in berneboek.
"De literatuer dêr't ik it oer ha sil, is it wurk dêr't ik mei grut wurden bin. Yn de lêzing sil ik sawol troch ferskillende berne-eagen as fan ferskillende ynstitúsjes út nei de berneliteratuer sjen, sadat it hiele fjild oan de oarder komt."
Details
Imprint
AudiofryskUitgever
Audiofrysk
Publicatiedatum
3 mei 2012
ISBN
9789460380693
Taal
Fries
Speelduur
1 uur 12 min 45 sec
Bestandsgrootte
76 MB
Formaat
mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app
Tags
Over de auteur
Sigrid Kingma (1989) docht in masterstúdzje Nederlânsk mei byfakken Frysk, is resinsint en dichteres, en is boppedat dwaande mei it skriuwen fan in berneboek.
Sigrid Kingma (1989) doet een masteropleiding Nederlans met Fries als bijvak, is recensent en dichteres en bovendien zelf bezig met het schrijven van een kinderboek: “De literatuer dêr’t ik it oer ha sil, is it wurk dêr’t ik mei grut wurden bin. Yn de lêzing sil ik sawol troch ferskillende berne-eagen as fan ferskillende ynstitúsjes út nei de berneliteratuer sjen, sadat it hiele fjild oan de oarder komt.”