De treastfûgel
Yn De treastfûgel folget Hylke Speerstra it spoar fan twa famyljes út Hichtum. Friestalig
€ 9,00
Beschrijving
Yn De treastfûgel folget Hylke Speerstra it spoar fan twa famyljes út Hichtum. De iene húshâlding stapt yn 1911 op de boat nei Amearika en kin yn it stienearme Súd-Dakota amper oerlibje. Mar úteinlik wurde se Amerikaan mei de Amerikanen. Foar de oare húshâlding wurdt it in swalkjen tusken arbeiderswenten yn Fryslân en melkstâlen yn Dútslân.
De ferhalen fan beide famyljes komme wer byinoar as twa neikommelingen út de tredde generaasje oan it oarlochsfront bedarje: de iene as oerwinner, de oare as ferliezer. Speerstra reizge foar dit ferhaal nei noch libjende tsjûgen yn Amearika en Dútslân, en kaam werom mei it hiele ferhaal.
Mar hoe hertferskuorrend de earmoede en ferskrikkingen bytiden ek wiene, Speerstra fertelt de stoarje sa't hy dat allinne mar kin: fol gefoel, humor en moederaasje. Dat alles yn prachtich en lêsber Frysk. Dit boek ferskynde yn oanset as boekewikegeskink 2011.
Details
Imprint
BornmeerUitgever
Audiofrysk
Publicatiedatum
14 mei 2013
ISBN
9789460380853
Taal
Fries
Speelduur
6 uur 26 min 13 sec
Bestandsgrootte
418 MB
Formaat
mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app
Categorieën
Tags
Over de auteur
Rasferteller Hylke Speerstra (1936) hat it Fryske folkslibben op in ûnferjitlike manier fêstlein yn boeken as Neaken en bleat foar de dokter en De oerpolder.
Der ferskynden earder iisferhalen fan him yn de bondel Op redens oer. (Ek as harkboek by Audiofrysk.) Hy hat ferskate kearen meidien oan de Alvestêdetocht.
Oer De Kâlde Krústocht: 'It is mear as in sportboek, it is in sosjaal dokumint fol hoop en wanhoop yn de krisisjierren, ferrie yn de oarloch, en fan leafde troch alle tiden hinne. En yn elk ferhaal lizze drama en humor perfekt by elkoar yn de slach.'
Hylke Speerstra (1936) is oud-hoofdredacteur van de Leeuwarder Courant en een van Frieslands meest gelezen schrijvers. Zijn boeken zijn vaak gebaseerd op interviews en historisch onderzoek.