De fjildferhalen
De fjildferhalen is de bondeling fan ferhalen út it iepen fjild, in ferline komt wer ta libjen.
€ 11,00
Beschrijving
Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. As jonge strúnde er om yn 'e bosken fan Beetstersweach en learde er de natuer troch skerp observearjen fan tichteby kennen. Fiskje en jeie wiene syn lust en syn libben. En harkje nei de ferhalen fan manlju dy't de tiid noch meimakke hiene, dat minsken libje moasten fan fiskerij, mollefangen en de jacht op murden. De fjildferhalen binne prachtich skreaun en steane fol mei sekuere observaasjes fan it hâlden en dragen fan minske en bist yn it iepen fjild. Rink van der Velde (1932-2001) is ien fan de populêrste skriuwers dy't Fryslân kend hat. Dizze bondel is in werútjefte út 2022. By Audiofrysk binne ek De fûke en Feroaring fan lucht ferskynd.
Details
Imprint
AudiofryskUitgever
Audiofrysk
Publicatiedatum
1 mei 2024
ISBN
9789460381621
Taal
Fries
Speelduur
6 uur 44 min 7 sec
Bestandsgrootte
555 MB
Formaat
mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app