Help... in hûn
Dyn bêste freon ferhuzet en dyn suster Lidewij is der wis fan dat in seurderige âldman neist dy komt te wenjen. It pakt hiel oars út. Friestalig. Leeftijd: 10+
€ 6,00
Beschrijving
It sil dy mar oerkomme!
Dyn bêste freon ferhuzet en dyn suster Lidewij is der wis fan dat in seurderige âldman neist dy komt te wenjen. It pakt hiel oars út. De nije bewenster, Marianne van Klaveren, is in fleurige sjoernalist mei mar twa handikaps: se sit yn in rôlstoel en se is allergysk foar it wurd 'silich'. Der ferskynt in frjemd artikel yn de krante mei har namme derûnder, mar dat se net skreaun hat. It wurdt tiid dat Kasper en Lidewij har der mei bemuoie, fansels mei help fan DJ, in echte kompjûtergek. Wa hat it op Marianne van Klaveren en har helphûn Ster fersjoen?
Nijsgjirrich wurden? Gau harkje!
Details
Imprint
AfûkUitgever
Audiofrysk
Publicatiedatum
13 maart 2010
ISBN
9789461498823
Taal
Fries
Speelduur
3 uur 2 min 18 sec
Bestandsgrootte
197 MB
Formaat
mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app
Categorieën
Tags
Over de auteur
Anny de Jong waard yn 1946 berne yn Tsjerkwert. Se learde oan de kristlike kweekskoalle te Snits ta ûnderwizeres. Neidat se slagge wie, wurke se fiif jier as ûnderwizeres yn Gaasterlân. Dêrnei krige se in beneaming oan de kristlike basisskoalle yn Bûtenpost, dy skoalle is se dêrnei trou bleaun. Se wennet mei har hûn en in tal siameeske katten yn Kollum.