De Traveliers - In flitsend hûntsje
De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. Friestalig. Leeftijd: 10+
€ 6,00
Beschrijving
De Traveliers is in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit.
It duorret in ivichheid foar 't Hugh werom is. Hy sjocht bleek en ropt fan fierren: 'Sweep is fuort.' Syn mem besiket him del te bêdzjen, mar se kin it net helpe dat har stim ûngerêst klinkt.
'Ho, even rêstich. Wiene Katy-en-dy der noch?' Hugh skodhollet.
Dan is er dus net mei Swan oan it gekjeien. Wy geane it fjild oer om te sykjen. Miskien leit er wol ergens oars.'
Hugh sjocht syn mem bang oan. 'Dat leaut mem sels net. Sweep giet noait, noait by de auto wei!'
De serie De Traveliers is in juni 2010 bekroond met de 'Bongelboekepriis foar jeugdliteratuer' van de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden.
Details
Imprint
AfûkUitgever
Audiofrysk
Publicatiedatum
11 juli 2010
ISBN
9789461499646
Taal
Fries
Speelduur
2 uur 56 min 16 sec
Bestandsgrootte
189 MB
Formaat
mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app
Categorieën
Tags
Over de auteur
Anny de Jong waard yn 1946 berne yn Tsjerkwert. Se learde oan de kristlike kweekskoalle te Snits ta ûnderwizeres. Neidat se slagge wie, wurke se fiif jier as ûnderwizeres yn Gaasterlân. Dêrnei krige se in beneaming oan de kristlike basisskoalle yn Bûtenpost, dy skoalle is se dêrnei trou bleaun. Se wennet mei har hûn en in tal siameeske katten yn Kollum.