Ien foar de wraak
Om't it yn dizze roman net allinne giet om it wurk fan de polysje, de misdieden en de jacht op de dieders. De ferwurking troch de neibesteanden, harren reaksje op wat bard is, stiet like sintraal. Friestalig
€ 6,75
Beschrijving
De earste deis fan de maitiidsfakânsje wurdt yn in Ljouwerter MAVO it lyk fûn fan in learaar. In ûngelok? Of is der sprake fan opsetsin. De polysje siket en ûndersiket, mar kriget gjin inkeld hâldfêst. It liket der op dat de krekte tadracht yn 'e dize hingjen bliuwt. De dea fan Arnold Hagen sil in riedsel bliuwe.
Jaap Dykstra, kollega, mar benammen freon fan it slachtoffer, leit him dêr net by del. Hy hat ûndertusken sa syn fermoedens en nimt de tried op dy't de plysje slûpe litte moast. Hy docht syn eigen ûndersyk. En wat tichter as er by de wierheid oer de grouwélige dea fan syn freon komt wat mear gefoelens fan wraak er kriget. Gefoelens dy't er úteinlik omset yn dieden. En sadwaande komt der mear boppe wetter: it is gjin spannend spultsje dêr't er yn fersile rekke is, mar de spikerhurde wurklikheid fan de hjoeddeiske misdied.
Ien foar de wraak - de earste misdiedroman fan Joop Boomsma - is in like minsklik as spannend ferhaal. Om't it yn dizze roman net allinne giet om it wurk fan de polysje, de misdieden en de jacht op de dieders. De ferwurking troch de neibesteanden, harren reaksje op wat bard is, stiet like sintraal en wurdt beskreaun mei in skerp each foar de psychologyske aspekten.
Details
Imprint
Friese Pers BoekerijUitgever
Audiofrysk
Publicatiedatum
11 juli 2010
ISBN
9789461499639
Taal
Fries
Speelduur
3 uur 14 min 20 sec
Bestandsgrootte
200 MB
Formaat
mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app
Categorieën
Tags
Over de auteur
Joop Boomsma (1945–2018) was een Nederlands schrijver, dichter, toneelschrijver en autodidact. Hij won driemaal de Rely Jorritsmapriis, een Friese Literatuurprijs. Hij publiceerde voornamelijk in het Fries en is vooral bekend vanwege zijn misdaadromans en -verhalen.
Joop Boomsma (1945–2018) was een Nederlands schrijver, dichter, toneelschrijver en autodidact. Hij won driemaal de Rely Jorritsmapriis, een Friese Literatuurprijs. Hij publiceerde voornamelijk in het Fries en is vooral bekend vanwege zijn misdaadromans en -verhalen.