It goud fan de Aboriginals
De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. Friestalig. Leeftijd: 9+
€ 5,50
Beschrijving
Nei't se in skoftke rûn hawwe, seit Hidde: 'Wêr binne dy tekeningen no? Wy binne dochs echt fan dizze kant kommen.'
'Ja,' seit Fardau, 'wy hiene der al lang wêze moatten. Of wie it miskien in bytsje de oare kant út?' De panyk slacht ta.
'Wy sitte midden yn de woastyn. Wy ha gjin iten en drinken by ús. En dy sinne!'
Út it neat ferskynt ynienen in ploechje minsken. Brune minsken. Aboriginals, sjogge se daalk oan de gesichten. De mannen drage spearen as wapens...
De Traveliers is in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit.
Oare dielen fan de searje wurde skreaun troch Anny de Jong en Jan Schotanus.
Inhoud
Haadstik 1: De famylje Travelier giet de loft yn
Haadstik 2: De sprekbeurt fan Hidde
Haadstik 3: In baantsje yn it fleantuch
Haadstik 4: Domme huodsjes en swiere koffers
Haadstik 5: Op reis troch de woastyn
Haadstik 6: Frjemde luden yn de myn
Haadstik 7: Hidde en Fardau op 'e strun
Haadstik 8: It ljocht komt werom
Haadstik 9: Festrun yn de rimboe
Haadstik 10: Heimsinnige spoaren yn it san
Haadstik 11: Drinke ut in bistefel
Haadstik 12: Belje mei in snorrebot
Haadstik 13: Frjemde hapkes ut de rivier
Haadstik 14: De Aboriginals grave in gref
Haadstik 15: Slangen en hagedissen op it fel
Haadstik 16: In frjemd medisyn
Haadstik 17: Alle klean moatte ut
Haadstik 18: Libben yn it san begroeven
Haadstik 19: Fugels fange yn 'e loft
Haadstik 20: De ferkearde te pakken
Haadstik 21: Sil Noas dochs noch untkomme
Haadstik 22: Hidde en Fardau krije in nije namme
Haadstik 23: In ferrassing ut de myn
Details
Imprint
AfûkUitgever
Audiofrysk
Publicatiedatum
22 mei 2009
ISBN
9789461496317
Taal
Fries
Speelduur
2 uur 32 min 53 sec
Bestandsgrootte
156 MB
Formaat
mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app
Tags
Over de auteur
Auck Peanstra (Aukje Hoogland-Peenstra) (1954) die de oplieding ta beukerliedster en helle de L.U.-akte Frysk. Se wurket as skoaljuffer yn it basisûnderwiis. Op dit stuit (2007) oan de IBS Martenaskoalle yn Bitgummole.
Auck Peanstra is benammen bekend as skriuwster fan berneboeken mar se skriuwt ek wolris foar folwoeksenen. Njonken it proaza dat se skriuwt wurke se as skriuwster ek mei oan de learmetoade Frysk foar it basisûnderwiis: Studio F. Fierder is se ien fan de skriuwsters fan de Tomke-boekjes. Ek skriuwt se - al of net yn de mande mei oaren - revueteksten. Se wurdt gauris frege as ferhaleferteller.