Tomke yn `e bistetún
Aksjeboek foar bern, mei ferskes en ferhaaltsjes. Friestalig. Leeftijd: 4+
Auteurs
Auck Peanstra, Riemkje Hoogland-Pitstra
Sprekers
Riemkje Pitstra, Auck Peanstra
Speelduur
0 uur 28 min 6 sec
€ 10,00
Beschrijving
Aksjeboek foar bern, mei ferskes en ferhaaltsjes.
Tomke wurdt tsien jier. Syn jierdei wurdt fierd mei in nij Tomke-boekje, skreaun troch Riemkje Pitstra, Auck Peanstra en Geartsje Douma. Diskear in lês- en lústerboek, dus in boek dy't yn 'e cd-spiler kin! In jubileum-oanbieidng mei ferhalen en ferskes oer it grappige jonkje Tomke en syn freontsjes Romke en Kornelia.
Meiwurkers: Geartsje Douma, Auck Peanstra, Riemkje Pitstra, Ieteke Baakman, Esmé den Besten en Maaike Hogeveen.
Inhoud
Kom mei (ferske)
De sjiraffe yt in hoed! (ferhaal Riemke Pitstra)
De sjiraffe (ferske)
Hoi pappegaai (ferske)
De pappegaai (ferhaal Auck Peanstra)
De ferkâlden oaljefant (strip Riemke Pitstra)
Ferkâlden oaljefant (ferske)
Lama (ferske)
Spuie (ferhaal Auck Peanstra)
Balje mei de bal (ferhaal Auck Peanstra)
Hopla mei de bal (ferske)
De iisbear (ferske)
De iisbearen (ferhaal Riemke Pitstra)
Wat in aap! (ferhaal Auck Peanstra)
De aap (ferske)
Liuw (ferske)
De luie liuw (ferhaal Riemke Pitstra)
Kom mei (ferske)
Details
Imprint
AfûkUitgever
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk
Publicatiedatum
26 mei 2008
ISBN
9789461492579
Taal
Fries
Speelduur
0 uur 28 min 6 sec
Bestandsgrootte
22 MB
Formaat
mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app
Categorieën
Tags
Over de auteur
Auck Peanstra (Aukje Hoogland-Peenstra) (1954) die de oplieding ta beukerliedster en helle de L.U.-akte Frysk. Se wurket as skoaljuffer yn it basisûnderwiis. Op dit stuit (2007) oan de IBS Martenaskoalle yn Bitgummole.
Auck Peanstra is benammen bekend as skriuwster fan berneboeken mar se skriuwt ek wolris foar folwoeksenen. Njonken it proaza dat se skriuwt wurke se as skriuwster ek mei oan de learmetoade Frysk foar it basisûnderwiis: Studio F. Fierder is se ien fan de skriuwsters fan de Tomke-boekjes. Ek skriuwt se - al of net yn de mande mei oaren - revueteksten. Se wurdt gauris frege as ferhaleferteller.
Riemkje Hoogland-Pitstra (1944) groeide op yn Surhústerfean, nei de middelbere skoalle folge se de ûnderwizersoplieding oan de roomske kweekskoalle te Stienwyk. Neidat se har diploma helle hie krige se in beneaming oan in twatalige skoalle te Sint Nyk. Se hat tsien jier oan dy skoalle stien, de lêste jierren hold se har benammen dwaande mei it begelieden fan bern dy’t ekstra omtinken nedich hiene.
Yn dy tiid wie in twatalige skoalle wat nijs, sadwaande wie der ek noch net in soad lesmateriaal. Dat wie foar Riemkje Pitstra in reden om sels lesmateriaal te skriuwen.
Foardat Riemkje Pitstra as skriuwster fan berneboeken bekend waard, makke se al jierren teksten foar de Fryske skoalleradio en letter ek foar de televyzje. Se skreau ûnder oaren ferhaaltsjes foar ‘Marten de Mûs’, in televyzjesearje foar lytse bern. Yn it skoaljier 1979-1980 wie ‘Marten de Mûs’ foar it earst op de Fryske skoalleradio yn in aventoer fan ‘Iebele, it ierdmantsje’. Marten de Mûs hie earst in byroltsje, mar omdat it sa’n aardich mûske wie, krige hy yn ’84-’85 de haadrol yn syn eigen aventoeren.