Mentha Minnema en it wettermystearje
Dit saakje rûkt net fris, it rûkt nei fisk! Geart, Geeske en Mentha Minnema komme streupers op it spoar dy’t it mei de regels net sa nau nimme. Friestalig. Leeftijd 9+
€ 4,00
Beschrijving
As Mentha in pear dagen mei Geart en Geeske te farren is op de boat fan Pyt Pander, komt se in saak op it spoar, dy't geheim bliuwe moatten hie. Dus falle der klappen en foar't se it goed en wol yn de gaten hat, sitte se oan kop en earen ta yn de misdiebestriding. Dit saakje rûkt net fris, it rûkt nei fisk! Pas nei in protte aventoeren wit Mentha it safier te krijen dat de polysje de boeven (of binne it boevinnen?) ynrekkenje kin.
It boek is oarspronklik ferskynd yn 1997.
Inhoud
Mentha kin net sliepe
Der falle klappen
In stien troch it rut
In fest patroan
Byt
It bestelbuske
Besite foar Piter
In snoek
Mentha krijt in baantsje
Skieppekeutels en muzen
Telefoan foar de kok
Aksje
Untkommen
In gouden fangst
Details
Imprint
AfûkUitgever
Audiofrysk
Publicatiedatum
4 april 2009
ISBN
9789461496065
Taal
Fries
Speelduur
3 uur 2 min 43 sec
Bestandsgrootte
170 MB
Formaat
mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app
Categorieën
Tags
Over de auteur
Riemkje Hoogland-Pitstra (1944) groeide op yn Surhústerfean, nei de middelbere skoalle folge se de ûnderwizersoplieding oan de roomske kweekskoalle te Stienwyk. Neidat se har diploma helle hie krige se in beneaming oan in twatalige skoalle te Sint Nyk. Se hat tsien jier oan dy skoalle stien, de lêste jierren hold se har benammen dwaande mei it begelieden fan bern dy’t ekstra omtinken nedich hiene.
Yn dy tiid wie in twatalige skoalle wat nijs, sadwaande wie der ek noch net in soad lesmateriaal. Dat wie foar Riemkje Pitstra in reden om sels lesmateriaal te skriuwen.
Foardat Riemkje Pitstra as skriuwster fan berneboeken bekend waard, makke se al jierren teksten foar de Fryske skoalleradio en letter ek foar de televyzje. Se skreau ûnder oaren ferhaaltsjes foar ‘Marten de Mûs’, in televyzjesearje foar lytse bern. Yn it skoaljier 1979-1980 wie ‘Marten de Mûs’ foar it earst op de Fryske skoalleradio yn in aventoer fan ‘Iebele, it ierdmantsje’. Marten de Mûs hie earst in byroltsje, mar omdat it sa’n aardich mûske wie, krige hy yn ’84-’85 de haadrol yn syn eigen aventoeren.