Riemkje Hoogland-Pitstra

Foto Riemkje Hoogland-Pitstra

Riemkje Hoogland-Pitstra (1944) groeide op yn Surhústerfean, nei de middelbere skoalle folge se de ûnderwizersoplieding oan de roomske kweekskoalle te Stienwyk. Neidat se har diploma helle hie krige se in beneaming oan in twatalige skoalle te Sint Nyk. Se hat tsien jier oan dy skoalle stien, de lêste jierren hold se har benammen dwaande mei it begelieden fan bern dy’t ekstra omtinken nedich hiene.

Yn dy tiid wie in twatalige skoalle wat nijs, sadwaande wie der ek noch net in soad lesmateriaal. Dat wie foar Riemkje Pitstra in reden om sels lesmateriaal te skriuwen.
Foardat Riemkje Pitstra as skriuwster fan berneboeken bekend waard, makke se al jierren teksten foar de Fryske skoalleradio en letter ek foar de televyzje. Se skreau ûnder oaren ferhaaltsjes foar ‘Marten de Mûs’, in televyzjesearje foar lytse bern. Yn it skoaljier 1979-1980 wie ‘Marten de Mûs’ foar it earst op de Fryske skoalleradio yn in aventoer fan ‘Iebele, it ierdmantsje’. Marten de Mûs hie earst in byroltsje, mar omdat it sa’n aardich mûske wie, krige hy yn ’84-’85 de haadrol yn syn eigen aventoeren.