Mentha Minnema mystearjes searje 1
Hûnemystearje, Klokkemystearje, Keldermystearje, Gefaarlik spul foar Mentha Minnema
Mentha Minnema wennet noch mar krekt yn har nije hûs, of se sit al oan kop en earen ta yn de aventoeren. En dat bliuwt ek sa, it is krekt as lûkt se soks oan. Friestalig. Leeftijd:9+
Auteurs
Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong, Jan Schotanus
Sprekers
Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong, Jan Schotanus
Speelduur
10 uur 53 min 52 sec
€ 10,00
Beschrijving
Mentha Minnema wennet noch mar krekt yn har nije hûs, of se sit al oan kop en earen ta yn de aventoeren. En dat bliuwt ek sa, it is krekt as lûkt se soks oan.
Mei help fan ferskillende bern lost hja de mystearjes op. Ek ynspekteur Pyt Pander fan de polysje springt geregeld by, want boeven fange is úteinlik it wurk fan de polysje. De grutte bernersennenhûn Grate en de Suzuki Samurai binne fêste eleminten yn alle fjouwer boeken.
Searje ien bestiet út:
Mentha Minnema en it hûnemystearje
Mentha Minnema en it keldermystearje
Mentha Minnema en it klokkemystearje
en it ferhaleboek Gefaarlik spul foar Mentha Minnema
Details
Imprint
AfûkUitgever
Audiofrysk
Publicatiedatum
4 april 2009
ISBN
9789461496089
Taal
Fries
Speelduur
10 uur 53 min 52 sec
Bestandsgrootte
657 MB
Formaat
mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app
Categorieën
Tags
Over de auteur
Riemkje Hoogland-Pitstra (1944) groeide op yn Surhústerfean, nei de middelbere skoalle folge se de ûnderwizersoplieding oan de roomske kweekskoalle te Stienwyk. Neidat se har diploma helle hie krige se in beneaming oan in twatalige skoalle te Sint Nyk. Se hat tsien jier oan dy skoalle stien, de lêste jierren hold se har benammen dwaande mei it begelieden fan bern dy’t ekstra omtinken nedich hiene.
Yn dy tiid wie in twatalige skoalle wat nijs, sadwaande wie der ek noch net in soad lesmateriaal. Dat wie foar Riemkje Pitstra in reden om sels lesmateriaal te skriuwen.
Foardat Riemkje Pitstra as skriuwster fan berneboeken bekend waard, makke se al jierren teksten foar de Fryske skoalleradio en letter ek foar de televyzje. Se skreau ûnder oaren ferhaaltsjes foar ‘Marten de Mûs’, in televyzjesearje foar lytse bern. Yn it skoaljier 1979-1980 wie ‘Marten de Mûs’ foar it earst op de Fryske skoalleradio yn in aventoer fan ‘Iebele, it ierdmantsje’. Marten de Mûs hie earst in byroltsje, mar omdat it sa’n aardich mûske wie, krige hy yn ’84-’85 de haadrol yn syn eigen aventoeren.
Anny de Jong waard yn 1946 berne yn Tsjerkwert. Se learde oan de kristlike kweekskoalle te Snits ta ûnderwizeres. Neidat se slagge wie, wurke se fiif jier as ûnderwizeres yn Gaasterlân. Dêrnei krige se in beneaming oan de kristlike basisskoalle yn Bûtenpost, dy skoalle is se dêrnei trou bleaun. Se wennet mei har hûn en in tal siameeske katten yn Kollum.
Jan Schotanus (1950) wurket yn it basisûnderwiis yn Weidum. Hy skreau in hiele rige berne- en jeugdboeken, wêrûnder histoaryske, SF en detektives, sawol yn it Frsyk as yn it Nederlânsk. Yn 2002 ferskynde syn Nacht op it eilân as aksjeboek foar bern. Fierder hat Schotanus in protte oerset, ûnder oare wurk fan Roald Dahl, toanielstikken foar Tryater en sûnt 1991allerhanne stikken foar it Iepenloftspul fan Jorwert. Fan 1995 oant 1999 wie er foarsitter fan It Skriuwersboun.