Mentha Minnema en it keldermystearje
Mentha Minnema wennet noch maar krekt yn har nije hûs, of se sit al oan kop en earen ta yn de aventoeren. Kin se dit oplosse mei Geart en Geeske? Friestalig. Leeftijd: 9+
€ 4,00
Beschrijving
As de ferhúswein allegearre doazen mei klokken ôfleveret yn it lege hûs njonken de bakkerij, witte Geart en Geeske al, dat der net in gewoane húshâlding komt te wenjen. Mar dat se daliks al yn in aventoer belânje troch Mentha Minnema, dat hiene se ek net ferwachte. Hoe sit dat krekt mei de ûnderierdske gong nei de tsjerke ta? En wa hat de prachtige kandelers stellen út it âlde gebou? Mei help fan Pyt Pander en Grate, losse Mentha Minnema, Geart en Geeske it mystearje op.
It boek is oarspronklik ferskynd yn 1991.
Inhoud
In hus fol klokken
In apart minske
In klap yn 'e nekke
Plysje by de tsjerke
Strong mint
De sulverkleurige Mercedes
Philips II koning van Engeland
Plan A
In nuvere reis
In praatsje mei de koster
De underierdske gong
Geart hat in plan
Yn 'e falle
Details
Imprint
AfûkUitgever
Audiofrysk
Publicatiedatum
4 april 2009
ISBN
9789461496027
Taal
Fries
Speelduur
3 uur 5 min 18 sec
Bestandsgrootte
192 MB
Formaat
mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app
Categorieën
Tags
Over de auteur
Riemkje Hoogland-Pitstra (1944) groeide op yn Surhústerfean, nei de middelbere skoalle folge se de ûnderwizersoplieding oan de roomske kweekskoalle te Stienwyk. Neidat se har diploma helle hie krige se in beneaming oan in twatalige skoalle te Sint Nyk. Se hat tsien jier oan dy skoalle stien, de lêste jierren hold se har benammen dwaande mei it begelieden fan bern dy’t ekstra omtinken nedich hiene.
Yn dy tiid wie in twatalige skoalle wat nijs, sadwaande wie der ek noch net in soad lesmateriaal. Dat wie foar Riemkje Pitstra in reden om sels lesmateriaal te skriuwen.
Foardat Riemkje Pitstra as skriuwster fan berneboeken bekend waard, makke se al jierren teksten foar de Fryske skoalleradio en letter ek foar de televyzje. Se skreau ûnder oaren ferhaaltsjes foar ‘Marten de Mûs’, in televyzjesearje foar lytse bern. Yn it skoaljier 1979-1980 wie ‘Marten de Mûs’ foar it earst op de Fryske skoalleradio yn in aventoer fan ‘Iebele, it ierdmantsje’. Marten de Mûs hie earst in byroltsje, mar omdat it sa’n aardich mûske wie, krige hy yn ’84-’85 de haadrol yn syn eigen aventoeren.