Gefaarlik spul foar Mentha Minnema

Gefaarlik spul foar Mentha Minnema

Seis aventoeren

Yn dit boek binne seis ferhalen oer de tûke speurder Mentha Minnema byinoar brocht. Bern hiene ideeën foar de plot oandroegen en doe binne de trije skriuwers oan it wurk gien. Friestalig. Leeftijd: 9+

€ 4,00

Beschrijving

Yn dit boek binne seis ferhalen oer de tûke speurder Mentha Minnema byinoar brocht. Bern hiene ideeën foar de plot oandroegen en doe binne de trije skriuwers oan it wurk gien. It levere seis mini-aventoeren op dy't hjirre troch de skriuwers sels foarlêzen wurde.

By Anny de Jong giet it earst om in ynbraak yn har eigen hûs, dêr't Grate syn bêst docht, mar de stellerij net foarkomme kin: In bliedend slachtoffer. Har twadde ferhaal spilet him ôf yn de diskowrâld. Mentha Minnema moat der de feestklean foar út de kast helje, mar de saak wurdt oplost: In fan troch it lint.

Riemkje Hoogland-Pitstra komt mei: It geheim fan buorfrou Afke, oer it smokkeljen fan ferbeane bisten, dêr't de aardige buorfrou tsjin har sin by belutsen is. En it ferhaal Skat ûnder de flier, dêr't in âlde frou mear neilitten hat as dat se earst tochten. Allinne, wa kriget de erfenis?

Fan Jan Schotanus binne Broers op it dievepaad, oer it smokkeljen en yllegaal ferkeapjen fan telefoankaarten, en it ferhaal Broadsjes foar de boargemasters, dêr't de bakkerij njonken Mentha Minnema bedrige wurdt fanwege de bakkerslucht.

It boek is oarspronklik ferskynd yn 1997.

Inhoud
In bliedend slachtoffer / Anny de Jong
It geheim fan buorfrou Afke / Riemkje Hoogland
In fan troch it lint / Anny de Jong
Broers op it dievepaad / Jan Schotanus
In skat under de flier / Riemkje Hoogland
Broadsjes foar de boargemaster / Jan Schotanus

Details

Imprint

Afûk

Uitgever

Audiofrysk

Publicatiedatum

4 april 2009

ISBN

9789461496034

Taal

Fries

Speelduur

3 uur 0 min

Bestandsgrootte

173 MB

Formaat

mp3 download en geschikt voor de Luisterrijk app

Categorieën

Tags

Over de auteur

Riemkje Hoogland-Pitstra (1944) groeide op yn Surhústerfean, nei de middelbere skoalle folge se de ûnderwizersoplieding oan de roomske kweekskoalle te Stienwyk. Neidat se har diploma helle hie krige se in beneaming oan in twatalige skoalle te Sint Nyk. Se hat tsien jier oan dy skoalle stien, de lêste jierren hold se har benammen dwaande mei it begelieden fan bern dy’t ekstra omtinken nedich hiene.

Yn dy tiid wie in twatalige skoalle wat nijs, sadwaande wie der ek noch net in soad lesmateriaal. Dat wie foar Riemkje Pitstra in reden om sels lesmateriaal te skriuwen.
Foardat Riemkje Pitstra as skriuwster fan berneboeken bekend waard, makke se al jierren teksten foar de Fryske skoalleradio en letter ek foar de televyzje. Se skreau ûnder oaren ferhaaltsjes foar ‘Marten de Mûs’, in televyzjesearje foar lytse bern. Yn it skoaljier 1979-1980 wie ‘Marten de Mûs’ foar it earst op de Fryske skoalleradio yn in aventoer fan ‘Iebele, it ierdmantsje’. Marten de Mûs hie earst in byroltsje, mar omdat it sa’n aardich mûske wie, krige hy yn ’84-’85 de haadrol yn syn eigen aventoeren.



Anny de Jong waard yn 1946 berne yn Tsjerkwert. Se learde oan de kristlike kweekskoalle te Snits ta ûnderwizeres. Neidat se slagge wie, wurke se fiif jier as ûnderwizeres yn Gaasterlân. Dêrnei krige se in beneaming oan de kristlike basisskoalle yn Bûtenpost, dy skoalle is se dêrnei trou bleaun. Se wennet mei har hûn en in tal siameeske katten yn Kollum.



Jan Schotanus (1950) wurket yn it basisûnderwiis yn Weidum. Hy skreau in hiele rige berne- en jeugdboeken, wêrûnder histoaryske, SF en detektives, sawol yn it Frsyk as yn it Nederlânsk. Yn 2002 ferskynde syn Nacht op it eilân as aksjeboek foar bern. Fierder hat Schotanus in protte oerset, ûnder oare wurk fan Roald Dahl, toanielstikken foar Tryater en sûnt 1991allerhanne stikken foar it Iepenloftspul fan Jorwert. Fan 1995 oant 1999 wie er foarsitter fan It Skriuwersboun.

Meer auteur Riemkje Hoogland-Pitstra Bekijk alles

Fries Mentha Minnema mystearjes searje 2

Mentha Minnema mystearjes searje 2

Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong

€ 10,00
Fries Mentha Minnema mystearjes searje 1

Mentha Minnema mystearjes searje 1

Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong

€ 10,00
Fries Mentha Minnema en it wettermystearje

Mentha Minnema en it wettermystearje

Riemkje Hoogland-Pitstra

€ 4,00
Fries Mentha Minnema en it keldermystearje

Mentha Minnema en it keldermystearje

Riemkje Hoogland-Pitstra

€ 4,00

Meer auteur Anny de Jong Bekijk alles

Fries It is foar de hearen

It is foar de hearen

Anny de Jong

€ 6,00
Fries De Traveliers - Spoaren!
€ 6,00
Fries De Traveliers - In flitsend hûntsje
€ 6,00
Fries Help... in hûn

Help... in hûn

Anny de Jong

€ 6,00

Meer auteur Jan Schotanus Bekijk alles

Fries De Traveliers - Fûgelfrij yn de canyon
€ 5,50
Fries De swannen fan Hoxwier

De swannen fan Hoxwier

Jan Schotanus

€ 4,00
Fries De kwestje fan Quad

De kwestje fan Quad

Jan Schotanus

€ 5,00
Fries Nacht op it eilân

Nacht op it eilân

Jan Schotanus

€ 4,50

Meer spreker Riemkje Hoogland-Pitstra Bekijk alles

Fries Mentha Minnema mystearjes searje 2

Mentha Minnema mystearjes searje 2

Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong

€ 10,00
Fries Mentha Minnema mystearjes searje 1

Mentha Minnema mystearjes searje 1

Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong

€ 10,00
Fries Mentha Minnema en it wettermystearje

Mentha Minnema en it wettermystearje

Riemkje Hoogland-Pitstra

€ 4,00
Fries Mentha Minnema en it keldermystearje

Mentha Minnema en it keldermystearje

Riemkje Hoogland-Pitstra

€ 4,00

Meer spreker Anny de Jong Bekijk alles

Fries It is foar de hearen

It is foar de hearen

Anny de Jong

€ 6,00
Fries De Traveliers - Spoaren!
€ 6,00
Fries De Traveliers - In flitsend hûntsje
€ 6,00
Fries Help... in hûn

Help... in hûn

Anny de Jong

€ 6,00

Meer spreker Jan Schotanus Bekijk alles

Fries De fjildferhalen

De fjildferhalen

Rink van der Velde

€ 11,00
Fries Ûnder de Seespegel

Ûnder de Seespegel

Durk van der Ploeg

€ 8,25
Fries De Traveliers - Fûgelfrij yn de canyon
€ 5,50
Fries Jappy en it sûkeladefabryk
€ 6,00